In de media
Reaksje op column "Oer grinzen hinne"
maandag 26 september 2011
Yn jo column yn de lêste Skille ha jo it oer it eameljen yn ferbân mei de weryndieling. Iik bin dat folslein mei jo iens, mar as riedslid ha jo der wol mei te meitsjen, en mei de tiid sil de ried ta in dúdlik stânpunt komme moatte.
No kin ik it iene net mei it oare rime at ik jo útspraken sa oanhear:
yn jo column geane jo foar in grutte gemeente sûnder grinzen,en stelle jo de fraach ,,is Fryslan better mei nije grinzen”?
 
Yn de Ljouwerter krante d.d. 20 septimber 2011,  lês ik dat jo fine dat wij sjen moatte wêr at it griene hert kloppet en dus de yntree fan it gemeentehûs der neffens ek ut sjen moat.
Dan soe men sizze o.k. mar dan moat soks al ferantwurde wêze mei it each op de takomst!
 
Ik sil it wol net goed begripe mar it iene is wol stridich mei it oare of bedoele jo faaks in mienskip sûnder grinzen dat hie dan yn elts gefal al dudliker west.

A A A     voorleeshulp     inloggen     English
1  2  3  4