Nieuws
Folgje de rie en de rûntepetearen fanút jo eigen húskeamer.
zaterdag 3 maart 2012

De rûntepetearen en de gearkomsten fan de gemeenteried  wurde filmd en live útsjoerd fia de webside fan Littenseradiel. De gemeente hat hjirfoar in webcastingsysteem oanskaft.

Fia dit systeem is it mooglik om riedsgearkomsten of rûntepetearen yn gelûd en byld te folgjen fia ynternet.

Der binne trije kameras’yn de riedsseal fan it gemeentehûs ynstallearre dy’t ûnder de gearkomsten de sprekker automatysk opsykje. Alle bylden wurde live útsjoerd en dêrnei opslein sadat letter fia in wiidweidige sykmasine socht wurde kin nei in bepaald ûnderwerp, sprekker of punt fan de wurklist.

De gearkomsten binne live te folgjen fia de link http://portal.companywebcast.com/littenseradiel of fia de knop “de ried LIVE” oan de rjochterkant op de homepage.



A A A     voorleeshulp     inloggen     English
1  2  3  4 
Archief
  • 2012
  • 2011
  • 2010
  • 2009
  • 2008
  • 2007