Littenseradiel bestiet út in grut tal lytse doarpen yn in lanlik gebiet.
Littenseradiel hat foarearst kezen selstannich te bliuwen. Gearwurking mei oare gemeenten is sinfol. It CDA slút weryndieling by sa'n gearwurking net út. De gemeente moat har fanôf hjoed de dei aktyf opstelle.
De gemeente hat in wichtige taak yn it stypjen en beskermjen fan de mienskip as gehiel en de mienskippen fan minsken yn doarpen, skoallen,tsjerken,húshâldings en yn in protte ferienings en organisaasjes.
Yn de gearwurking tusken de gemeente en mienskippen leit de krêft fan Littenseradiel. In libbene gemeente; in mienskip fol maatskiplike enerzjy.
De mienskip yn al har krêft stiet foarop, it gemeentebestjoer spilet derop yn. It CDA wol hjirta betingsten stelle, stimulearje en somtiden ek ôfremje. Wy wolle in libbene gemeente, mei boargers en organisaasjes dy’t ferantwurding nimme, in betroubere oerheid en in warbere gemeentepolityk.
De mienskip fan Littenseradiel moat mear wêze as in optelsom fan de yndividuen. It CDA wol graach it petear oangean mei organisaasjes en mei minsken mei nije ideeën en belangen.
Út respekt foar de tagediene boarger en syn organisaasjes moat úteinlik it gemeentebestjoer op grûn fan algemien belang in iepen en heldere ôfwaging meitsje en beslúten nimme.
Dat betsjut ek dat fan boargers en groepearrings frege wurde mei, ferantwurding te nimmen en fierder te sjen as it eigen hiem.
As it no giet om de krappere oerheidsbudzjetten, it tal ynwenners dat lang om let ôfnimt, it tal 55-plussers dat sterk groeit, as om de skaalfergrutting yn de lânbou, elk moat syn bydrage leverje yn de útdagings dy’t op ús ôf komme.
Littenseradiel is in plaatsje dêr’t wy hoeden mei omgean moatte. Mar it is gjin iepenloftmuseum. Littenseradiel is in libbene plattelânsgemeente, it warbere griene hert fan Fryslân.
Yn dit gehiel past in gemeente mei ambysje, hieltiden op siik nei ferbettering en fernijing. Rie en kolleezje dogge dat mei fisy en lef. Sy wurde dêryn stipe troch in profesjonele, ynteger en foaral foarút tinkende en hanneljende organisaasje.
Aktyf ynspylje op fragen en behoeften fan boargers en mienskip is tige wichtich.
Littenseradiel bliuwt op dizze wize dé ideale útgongsposysje foar oantreklik, feilich en ferskaat wenjen, wurkjen en ûndernimmen.