Nieuws
Water: CDA kiest voor droger, schoner, beter
donderdag 26 januari 2012, bron: jeltje elzinga


Wettersoarch.
Us lân is fan boppe besjoen ien en al wetter en sjoen de lêste wetteroerlêst dêr’t 2012 mei begûn is, wurdt it ús allegearre dúdlik dat it net fanselssprekkend is dat we samar droech sitte.
Ek yn ús gemeente hawwe wy yn jannewaris sjen kinnen dat je lang net oeral droege fuotten hâlde kinne at it wetterpeil ynienen sterk omheech giet.

Hjir tichtby, by de Burgumer Mar, wienen de omkriten ôfsluten en moasten de sânsekken der oan te pas komme om it wetter te kearen. Ek op oare plakken stie it wetter by in soad minsken oan de doar ta.
Dat wie dan miskien in ekstreme situaasje mar de foarsizzings binne dat soks faker foarkomme sil. It CDA is dan ek fan miening dat wy der foar soargje moatte dat de kwaliteit wat wetter en riolearring oangiet op in sa heech mooglik peil bliuwt.

Wetter in belangrike soarch.

Wetterberging is dêrby fan belang mar ek ús riolearring.

Wy moatte kieze:

hoe heech wolle wy it wetter komme litte en hoe rap wolle wy it ôffloeie litte.

Mei it wetter op ‘e dyk dan efkes stean bliuwe en ja, hoe lang dan?
En hoe gau moat it grûnwetter ûntwettere wurde?

Wetter op ‘e dyk is net slim, mar at dat te lang stiet kin it de folkssûnens negatyf beÿnfloedzje.

In hege wetterstân foar langere tiid makket dat it lân ûnbegeanber wurdt. It ferswakket ek diken en wâlkanten en dat bringt ek wer kosten mei.

Yn 2012 moat der in 100% dekking wêze foar de gemeentlike wettertaken troch middel fan rioelheffing.
Wy hawwe by de behanneling fan it Gemeentelijk Riool Plan  op 13-10-11 oanjûn te gean foar de maksimale kwaliteit, scenario D – droeger, skjinner en better.

Dat  jout in jierlikse ferheging fan 3% en kostet 0,5% mear as scenario A.

Scenario A foldocht wol oan de wetlike soarchplicht, mar giet neffens it CDA ûnfoldwaande yn op it tarieden fan ús rioelstelsel op de takomst. 

Oan alles hinget in priiskaartsje, mar wy wolle dochs allegearre graach droege fuotten hâlde??


A A A     voorleeshulp     inloggen     English
1  2  3  4 
Archief
  • 2012
  • 2011
  • 2010
  • 2009
  • 2008