In hiele romme mearderheid fan de Fryske Steaten wol dat de Europeeske Uny yn syn wetjouwing en belied rekken hâldt mei nasjonale minderheden en it kulturele en talige ferskaat dat der rûnom yn Europa is. 

Alve fan de tolve partijen yn de Fryske Steaten hawwe op 16 desimber 2020 mei inoar in moasje yntsjinne om stipe te jaan oan it Minority SafePack Initiative. Wij wiene, tegearre mei de FNP, de inisjatyfnimmers fan dizze moasje. Mei ús binne GrienLinks, D66, SP, VVD, PvdA, PvdD, 50PLUS, ChristenUnie en PVV fan miening dat de Europeeske Uny yn syn wetjouwing en belied rekken hâlde moat mei nasjonale minderheden en it kulturele en talige ferskaat dat der rûnom yn Europa is. De Steateleden fan it eardere Forum ha de moasje stipe. 

Krekt sa as de Provinsje Fryslân opkomt foar ús ryk ferskaat oan talen (Frysk, Stellingwerfs, Bildtsk, de stedstalen), wol it Europeesk boargerinisjatyf Minority SafePack dat ek de Europeeske Uny rekken hâldt mei de lytsere talen.

CDA-steatelid Attje Meekma: ‘Sa’n brede stipe yn Fryslân jout it draachflak oan dat der is foar it beskermjen fan ús taal en kultuer. Dat moatte wy net allinne yn Fryslân en Nederlân goed regelje, mar ek yn de Europeeske Uny. Want yn ús deistich libben hawwe wy ek in soad te krijen mei de wetjouwing en it belied fan de EU.’
 
FNP-fraksjefoarsitter Sijbe Knol: ‘De regio’s yn de EU hawwe inoar yn dit boargerinisjatyf fûn en easkje har plak op. Mei mear as in miljoen hantekens is in dúdlik lûd ôfjûn. As Fryske parlemint kinne wy dat lûd fersterkje.’ 

Folle mear regionale en nasjonale parleminten trune der op oan dat de Europeeske Uny oan de slach giet mei it Minority SafePack Initiative. Yn de Twadde Keamer wurdt op 21 desimber 2020 oer in fergelykbere moasje stimd, dy’t dêr yntsjinne is troch CDA en D66. De Dútske Bundestag stimde in pear wiken lyn al unanym foar sa’n moasje. Yn it Europeeske Parlemint wie der op 14 desimber in debat oer it Minority SafePack Initiative. Ek dêr is in brede stipe. Dy brede politike stipe is wichtich, want de Europeeske Kommisje moat yn jannewaris oanjaan oft de foarstellen fan it Minority SafePack Initiative oernaam wurde sille. 

Landelijk/​Provinciaal

De twaalf provinciale afdelingen vormen de schakel tussen de gemeentelijke afdelingen en het landelijke bestuur.