Op 29 maaie 2019 hat de Raad van State in earste útspraak dien oer it brûken fan it Programma Aanpak Stikstof (PAS) as ynstrumint om nije aktiviteiten al of net ta te stean. It giet dan benammen om aktiviteiten yn’e feehâlderij, net allinne útwreiding, mar ek it weidzjen en bedongjen fan greiden. Neist de útspraak fan 29 maaie oer in oantal fergunnings, sille der meikoarten mear útspraken folgje oer it tapassen fan it PAS. De CDA-fraksje makket him soargen oer de gefolgen fan de útspraak en hat nei oanlieding dêrfan neikommende fragen oan it kolleezje :

Hat boppeneamde útspraak gefolgen foar fergunnings ferliend troch de provinsje Fryslân?

As dat it gefal is, foar hoefolle fergunnings is dat it gefal en hokker soarte fan aktiviteiten wurde hjirtroch troffen?

Hoefolle oanfragen om fergunning of frijstelling yn it ramt fan it PAS binne der noch yn behanneling en sille mooglik troffen wurde troch de útspraak?

Om foar te kommen dat der gjin romte mear is foar aktiviteiten fan hokker aard dan ek, sil der opnij sjoen wurde moatte hoe’t de natuerwetjouwing op in goeie wize tapast wurde kin. Benammen foar it weidzjen fan fee en it bedongjen fan greide sil der op koarte termyn dúdlikheid komme moatte. Is it kolleezje ree om hjirop sa gau as mooglik aksje te ûndernimmen rjochting it ministearje fan LNV? As dat it gefal is, hoe sil dy aksje derút sjen?

Landelijk/​Provinciaal

De twaalf provinciale afdelingen vormen de schakel tussen de gemeentelijke afdelingen en het landelijke bestuur.