Op 16 desimber is it Ynpassingsplan De Skieding unanym fêststeld troch de Steaten. Om de N358 (De Skieding) tusken Surhústerfean en de A7 feiliger te meitsjen, is der romte noadich. Hjirfoar binne de ôfrûne jierren hûnderden petearen west mei omwennende en bedriuwen. Petearen, dy't faak werhelle as oanfuld wurde moasten. Lyts en grut leed moast oplost wurde. Grûn, as sels hiele huzen, dy't oankocht wurde moasten. Saken, lyts en grut, dy't, as we no werom sjogge, sûnder grutte opskuor foarelkoar bokst binne. Dat is in komplimint oan de amtners wurdich!

Yn april 2018 wienen der fan út de Steaten twa moasjes oannommen: oer in twadde ûntsluting mei it bedriuwsterrein yn Surhústerfean en oer it opnimmen fan in feetunnel. De feetunnel moast der komme foar in boer, dy't oan beide kanten fan 'e Skieding lân lizzen hat. Derneist moast D.S. besykje de tunnel ek geskikt te meitsjen as wyldtunnel foar oare bisten. Deputearre Fokkens sei lykwols op 16 desimber 2020 dat it op it Provinsjehûs al earder dúdlik wie dat in feetunnel net mooglik wie. It soe mooglik troch Brussel sjoen wurde as steatsstipe. Se erkende dat dit te let oan 'e boer bekend makke is. Ynstie fan in feetunnel is der op dit plak wol in saneamde 'sleepslang' mooglik foar de dong.

As CDA ha wy oanjûn dat wy konstatearje moatte dat de moasjes fan 'e Steaten net serieus oppakt binne troch DS. Wat de wyldtunnel oanbelanget, ha we sein dat we dat 'jildfergriemerij' fine, omdat we no al wite dat der gjin bist trochhinne giet. Wol binne wy blij dat der foar de boer yn elts gefal in 'sleepslang' komme kin. 

Der lei noch in moasje fan PvdA, PvdD, GrienLinks, D66 en SP om wol in faunapassaazje te realisearren, mar dizze moasje hat it net helle: 15 foar en 27 tsjin. 

Landelijk/​Provinciaal

De twaalf provinciale afdelingen vormen de schakel tussen de gemeentelijke afdelingen en het landelijke bestuur.