28 december 2017

CDA Dantumadiel op besite by Hekstra Damwâld

Koartlyn wie de fraksje fan CDA Dantumadiel te gast by Hekstra Bedriuwen oan de Willemstrjitte yn Damwâld. Wy waarden ûntfongen troch Romke Hekstra, in nij gesicht yn in fertroud bedriuw. Romke is sûnt koarten yn de direksje kaam as fjirde generaasje! In famyljebedriuw dat stiet as in hûs en klear is foar de takomst sa waard ús geandewei de jûn wol dúdlik! Under de namme Hekstra Bedriuwen falle  hjoed de dei trije “poaten”; Hekstra Bouwers, Hekstra Rietdekkers en Hekstra Dakmeesters. Goed 85 jier ferlyn ùteinset as reiddekkers kaam dèr yn 1980 in  boubedriuw neist en wer letter Patentriet Nederland, in ôfdieling dy’t him dwaande hâld mei projecten yn keunsstofreid. Nei in rûnleiding trocht de (skjinne) bedriuwsrûmten kamen wy te praat oer it bouwen yn dizze en foaral de takommende tiid. Wer ha ùs ynwenners ferlet fan, sawol de starter as de âlderein? Wer moat op ynset wurde yn wen-en leefomjouwing om de minsken foar de doarpen te bihâlden en sa de foarsjennings yn de gemeente op peil te hâlden? Ien ding waard ùs wol dùdlik; in deeglik bedriuw, de eagen iepen nei de takomst en belutsen by de mienskip. It die ùs goed te hearren dat der by it bedriuw ek plak is foar minsken mei in beheining! CDA Dantumadiel winsket de famyljes Hekstra alle goeds foar de takomst, sawol saaklik as privé en seit harren tank foar it iepen gesprek op in noflike jûn.

Sietse Hilverda
kandidaat-riedslid CDA Dantumadiel

 

Landelijk/​Provinciaal

De twaalf provinciale afdelingen vormen de schakel tussen de gemeentelijke afdelingen en het landelijke bestuur.