22 december 2020

In boadskip foar 2021

Hasto noch in boadskip...? Jawis! Nee, net om nei de winkel ta………… mar foar in nofliker maatskippij!
Yn ús maatskippij kenne wy allegear it ûnderskie tusken it private kroangoed en it publike kroangoed. Efkes hiel simpel sein: it private kroangoed is dat wat tabeheart oan jo as priveepersoan as organisaasje: jo hûs, tún, ensfh.
It publike kroangoed is datjinge dat tabeheart oan ús allegear: de strjitte, de pleinen, boarterstunen, ensfh. Yn de ôfrûne jierren sjogge wy dat minsken harren hieltyd  faker as yndividu weromlûke yn har private kroangoed en dat it publike kroangoed mear en mear keppele wurdt oan de oerheid. Dit liedt folgens my ta ûntwikkelingen dy’t wy leaver net sjogge: yn it earste plak hat it ta gefolch dat wy hieltyd minder mei elkoar yn petear geane oer saken yn ús private kroangoed en yn it twadde plak sjogge wy dat de noed oer it publike kroangoed mear en mear inkeld en allinne as ferantwurdlikheid fan de oerheid sjoen wurdt. En dat ……is fansels grutte ûnsin. It publike kroangoed is net allinne fan de oerheid, mar dat is fan ús meiinoar. It is perfoarst net de oerheid dy’t ferantwurdlik is foar in noflike maatskippij om yn te libjen, mar just wy drage as yndividuen meiinoar dy ferantwurdlikheid. De oerheid spilet der heechstens in stjoerende rol yn. In noflike maatskippij, in leefbere gemeente Dantumadiel, gesellige doarpen om yn te wenjen en noflike buorlju om njonken te libjen is de ferantwurdlikheid fan ús allegear. Ik sprek dan ek de winsk út dat eltse ynwenner fan ús gemeente, elts fanút syn eigen perspektyf en belibbing, him net ȏffreget: “Kin ik der wat oan dwaan...?”, mar yn pleats dêrfan him de fraach stelt: “Wat gean ik der oan dwaan...?” En hielendal moai soe it wêze as jo dêrnei om jo hinne freegje: “Wa docht der mei my mei?” Ik wol jo, ús allegear, mei jaan foar 2021 dat wy út it besef dat wy o sa  kwetsber binne, ek al is dat bytiden lestich, de ferbining mei elkoar sykjen bliuwe. Koesterje it lytse, it guodlike yn ús maatskippij. Want just dat makket ús ôfgryslik grut. Litte wy foarkomme dat wy ús meislepe litte, troch de (sosjaal) media of troch populêre maklike praatsjes fan wa dan ek. Bliuw mei respekt romte jaan oan dat goeie petear ……it hiele jier troch. De maatskippij libje wy meiinoar: litte wy ús Wâldske nochterens ynsette om yn 2021 noch mear mooglik te meitsjen. En it soe bêst wolris sa wêze kinne  dat dizze boadskip begjint yn in winkel.

Noflike krystdagen en folle sûnens en lok yn it nije jier tawinske,

De fraksje fan CDA Dantumadiel

Sietze Wijbenga
Klaas Houtstra
Sietse Hilverda
Adrie Slomp
Jan Jitse Visser

Landelijk/​Provinciaal

De twaalf provinciale afdelingen vormen de schakel tussen de gemeentelijke afdelingen en het landelijke bestuur.