05 oktober 2020

Op besite by de Bibliotheek De Westereen

Op besite yn de húskeamer fan de Westereen, oftewol MFA De Hege Seis. De Bieb sit dér ûnder ien dak mei ûnder oaren de beide basisskoallen, It Badhûs en de foutbalferiening. Sa groeie de bêrn op tusken de boeken, moaier kin hast net sa fertelde Paulien Schreuder ús; Jong geleerd is oud gedaan!

Paulien is direkteur-bestjoerder fan Bibliotheken Noord-Fryslân. Ûnder dizze paraplu falle 15 bibliotheken, fan Harns oant Skiermûntseach. Fansels, boeken liene kin nog altyd bij de bieb, mar dérneist biede se nog sa folle mear; foar in computer-cursus, help by taal en rekkenjen of it belesting-sprekoere en help bij it sykjen nei in (oare) baan, ek dérmei kin se jo foarút helpe! 

De CDA-fraksje is ûnder de yndruk rekke fan alle mooglike aktiviteiten dy’t yn MFA De Hege Seis plakfine. Fansels kamen de finansjele soargen foar de bibliotheken ek foarby en it grutte oantal minsken yn ús gemeente dy’t muoite ha mei lézen, skriuwen of it rekkenjen. Hoe kin we déryn it ferskil meitsje? It CDA winsket de meiwurkers fan de bibliotheek sukses by it útfieren fan it wurk wat se dogge. Mear witte? Stap ek troch de doar, want tiid foar in praatsje mei in bakje ha se ek (noch)!

Sietse Hilverda,
riedslid CDA Dantumadiel

Landelijk/​Provinciaal

De twaalf provinciale afdelingen vormen de schakel tussen de gemeentelijke afdelingen en het landelijke bestuur.