02 november 2017

CDA op wurkbesite by "Stichting Welzijn Het Bolwerk"

Woansdei 18 oktober  wie in part fan’e CDA fractie mei de wethâlder op wurkbesite by “Stichting Welzijn Het Bolwerk”. Wy waarden ûntfongen op in prachtige wurklocatie op de Sùderskâns (yn it Unive gebouw) yn Dokkum. Wat dogge se dèr? It waard ùs rillegau dùdlik; in hiel soad!    Mei as motto; Stichting Welzijn Het Bolwerk ”ferbynt en beweecht minsken”! Mienskip, it wurd falt hieltiyd faker, mar de praktyk leart ùs dat mienskipssin opbouwe en ûnderhâlde net samar giet!.

By “Het Bolwerk” bisykje de mienskipwurkers op ferskate manieren de “gatten” te tichtsjen dy’t yn de DDFK-gemeenten ûnstien bin, op it mèd fan ùs mienskip. De leefberens yn wyken en doarpen bygelyks; âlle facetten komme foarby, lykas, meitinkers dyt’t minsken wer op wei helpe as se driigje te “fersûpen” yn ùs digitale maatskippij! Mar ek Mantelsoarch, de burenhulpdienst, het maatjesproject, de formulierenbrigade en net te ferjitten it jongereinwurk. Koartsein, in breed scala fan aktiviteiten skûlje ûnder de paraplu fan Stichting Het Bolwerk!

It waard wol dùdlik, it is wurkjen mei in “lange adem”, mar lang om let sil it fertúten dwaan, hoe lytsskalig it somtiden ek wèze mei. Want as jo sa begien bin mei ùs Mienskip lykas Eelke Nutma en syn meiwurkers, mânlju en froulje, jong en âld, dan kin it net oars, as jo wurde oanstutsen ta mienskip!

CDA Dantumadiel
Sietse Hilverda

Landelijk/​Provinciaal

De twaalf provinciale afdelingen vormen de schakel tussen de gemeentelijke afdelingen en het landelijke bestuur.