30 december 2019

Oudjaarscolumn: Zij aan zij

Een oudjaarscolumn van ons eigen raadslid Sietse Hilverda die zoals altijd met een scherpe blik en een lichte knipoog observeert en schrijft.

 

Oudjaarscolumn: Zij aan zij

Zij aan zij, oftewol, skouder oan skouder, der wol it CDA foar stean sa lêze wy yn it nije diskusjestik oer de politieke koers foar de kommende jierren. No, dat ha we witten in pear jier lyn: it CDA naam syn ferantwurdlikheid om ús lân te bestjoeren en stapte yn de trein tegearre mei de VVD en G.W. fan de PVV.    Toen’t it begûn te knipen, sa as oeral wolris foarkomt, luts Geart oan de needrem en sprong derút, mei in kamera yn’e buert fansels. Hoe sa skouder oan skouder?

Tichterby oerkaam it ús ek: de trein wie nog oan it ranzjearjen en doe waarden wy der al útset. It positiefe wie: stel it oerkomt jo op folle snelheid! Ik trof doe in man dy’t tsjin mij sei; Dat bart as minsken yn harsels leauwe, mar dit wurd al even ferrekkene tink, twa keer geel is toch read?! Sels hie ik der noait oan tocht, de man oerfoel mij dermei!

Sa sjoch jo mar, it is yn it politieke libben net folle oars as yn ús deistich libben. Stelt immen syn eigen belang boppe dat fan de mienskip of fan de oare helte yn in relaasje, no dan triuwe jo dy dochs út it nest. As ”penning sechtjin” dan ek nog om’e hoeke komt, no dan witte jo it wol. De notaris hie it smoardrok, sels op sneon oan it wurk. Boppedat, froeger waard der nog wolris in berop dien op ”wize mannen” om it spul wer op de rails te krijen, mar wer fine jo dy noch, wa hat noch oansjen? Mar no de positive kant fan dit epistel: Neffens de minsken dy’t der ferstân fan hawwe komt it hieltyd faker foar dat minsken nei in tiid fan ôfkouljen en besinning (of is it miskien it wekker wurden út in dream) de ”beste vrienden worden”. Foar de wissichheid ha ik myn frou ek noch mar even hifke; mar nee, nei de notaris wie net oan’e oarder,  it like har better om “lekker te lunchen”, oars koe it wolris “lynchen” wurde. Dêrom skouder oan skouder it nije jier yn, dêr moat we foar gean, mar as it bargebiten bliuwt, sa sei ús Mem altiid (en se hie ûnderfining) dan mat it mar út wêze!

Foar elkenien; in goed 2020 en folle Lok en Seine!

Sietse Hilverda

Reageren? shilverda@dantumadiel.frl


 

 

Landelijk/​Provinciaal

De twaalf provinciale afdelingen vormen de schakel tussen de gemeentelijke afdelingen en het landelijke bestuur.