02 juli 2021

Ynteger wêze yn it gemeentehûs

Koartlyn  ha wy as riedsleden fan Dantumadiel in foarljochting hân oer yntegriteit, ofwol, hoe bliuwe jo as riedslid súver yn jo dwaan en litten.

Oan de hân fan ferskate foarbylden út de praktyk waard ús troch in deskundige útlein wat yntegriteit yn de praktyk, ynhâld foar ús as riedsleden. In kadootsje oannimme, mei in wearde fan mear as 50 euro mei net!   Helder en dúdlik !   Mar hoe geane jo om mei útnoegings fan bedriuwen en organisaasjes,lykas de Admiraliteitsdagen,en wat dogge jo mei in VIP-arrangement by sokke “feestjes”.  Koartsein, hoe soarchje jo der foar dat it riedswurk súver bliuwt en dat in riedslid him of har net “ynpakke” lit troch in bidriuw of organisaasje.

As it “blinde vertrouwen” fan froeger der net mear is, dan mat der in gedragscode komme, sa giet dat hjoed-de-dei. Ofwol, jo sette op papier wat in ynteger persoan eins wol wit; dit kin wol en dat mei net!   De boargemaster is “hoeder van de bestuurlijke integriteit”, sis mar it oansprekpunt as de “gedragscode”net nei kaam wurd, ofwol as “immen neist de pot pisset”.As wy de media en guon burgers leauwe meie is der fan alles mis yn dit lân, mar út ûndersyk docht bliken dat ús lân ien “van de meest integere overheden van de wereld heeft”. En boppedat, de strjitte, it doarp, de gemeente, ús lân, dat binne wy sels…….!  Ien ding is wol feroare troch de tiid; elkoar ergens op wiize as it de ferkearde kant op gie; no is it mear fan; wer bemuoi’st dy mei…….!

Ynteger wêze, súver op’e graat, it skynt in karakter- eigenskip te wêzen; prachtig as jo soks meikrigen ha, fan hûs út, mar as dat net sa is,wat dan? Is soks oan te learen? Jawis, sa sei ien tsjin my, de mienskip om dy hinne stjoert dy wol by…………!!        En oars it boekje mei de gedragscode der mar by pakke!   

Sietse Hilverda
CDA riedslid

Landelijk/​Provinciaal

De twaalf provinciale afdelingen vormen de schakel tussen de gemeentelijke afdelingen en het landelijke bestuur.