Geart Benedictus

Joure - Algemeen Bestuurslid

Woonplaats: Joure

Persoonlijk en Politiek

Hikke en tein yn de wâlden wenje en wurkje ik no al wer in grouwe fjirtich jier op `e Jouwer. Kaam as fee-arts, no bestjoerder en pake. Polityk en belutsenens by de mienskip is in part fan myn libben. It CDA siket it heil net allinnich by  de merke, de oerheid of by de minske mar by in kombinaasje hjirfan mei de klam op de mienskip. As bestjoerders fan de ôfdieling moatte wy oan de iene kant ús folksfertsjintwurdigers en bestjoerders fasilitearje en oan de oare kant witte wat libbet yn de mienskip en yn it bysûnder by ús leden. En dêr de ferbining tusken lizze om mei te helpen om hjir in fitale en moaie plattelânsgemeente te hâlden.

Landelijk/​Provinciaal

De twaalf provinciale afdelingen vormen de schakel tussen de gemeentelijke afdelingen en het landelijke bestuur.