21 maart 2013

Mei in potsje sjem

Trije jier ferlyn wienen wy mei in groepke minsken fan de PKN tsjerke Wommels/Hidaard in wike yn Roemenië op besite by ús partnergemeente yn Sibiu. Wier net de earmste stêd fan dit lân. Kulturele haadstêd fan Europa yn 2007. Myn frou en ik wienen ûnderbrocht by in Hongaarsk pratende famylje. Sy wennen yn in eigen hûs, dat sy sels mei de hiele famylje boud hiene. Sy wennen mei trije generaasjes ûnder ien dak. Heit en mem mei soan en skoandochter (mei in lytsen ûnderweis) en ûnder yn it hûs lei de beppe de hiele dei op bêd. Sy kaam allinne mei moai waar efkes yn’e tún. Dizze famylje hie it net al te rom, mar troch in protte oeren te wurkjen mei ferskate baantsjes, koenen sy de eintsjes oan inoar knoopje. In grutte tún mei in protte eigen bou. Fierders noch wat wynstruken foar de wynproduksje en fansels in prachtich destillear-apparaat foar de sterke drank.

Mantelsoarger

Mem Bandi wie de mantelsoarger en bûn oan hûs, want sy moast op har mem passe. Hjirtroch hie sy har eardere wurk opsizze moatten. Dêrtroch minder ynkomsten, want sy wie de hiele dei mei iten en it húshâlden dwaande. It hûs wie net tsjin brân fersekere as it ôfbaarne soe. Sy soenen it wer opnij opbouwe moatte.

Selsredsum

Recycling hoege jo harren net te learen, sels de skilen waarden wer brûkt om te destillearjen. Wat net daliks opiten waard, waard de oare deis wer yn in oar gerjocht ferwurke. Wat der oer wie waard brûkt foar ruilhannel. Ien kear yn it jier gie de mem mei in pear potten sjem nei in dokter, om ’e hoeke fan ‘e strjitte. Dit wie net om’t sy sa goed mei him koe, mar jo koene noait witte oft it ris fan pas komme soe yn needsitewaasjes.

Regearakkoart

Al dit soarte fan bylden fleagen my troch de holle doe’t ik dwaande wie om my ta te rieden op de WMO-notysje fan de lêste riedsgearkomste. Sakje wy ôf nei it peil fan east-Europa; aanst noch mar 25% jild foar húshâldlike help en dan allinne foar de minima? Toulûkerij tusken AWBZ-êftige soarch (medysk) en WMO-êftige soarch? De gemeenten wurde aanst ferantwurdlik foar de WMO. De gemeente wol sa min as mooglik minsken yn de WMO en de fersekeringsmaatskippijen sa min as mooglik minsken yn de AWBZ.

Miensskipssoarch

Yn Littenseradiel sil útein setten wurde mei in pilot, fersoarge troch Mienskipssoarch. Meitinkers út eigen omjouwing binne hjirby ûnmisber. De ‘Civil society’ wurdt hjirmei realiteit.

De takomst

Wy kinne it jild mar ien kear útjaan. Goed sjen wa`t der it meast ferlet fan hat. Lytse kundige teams, dêr sil it yn de takomst op útdraaie. En as it jild op is; wa wit is de ruilhannel sa gek noch net.

Landelijk/​Provinciaal

De twaalf provinciale afdelingen vormen de schakel tussen de gemeentelijke afdelingen en het landelijke bestuur.