07 maart 2014

Mei-inoar nei it stimhokje

It is drok dizze dagen. Neist it gewoane wurk en it riedswurk moat der no ek kampanje fierd wurde. Fêst fjouwer jûnen yn de wike yn it spier foar it CDA en de ynwenners fan Littenseradiel. Eltse tiisdeitejûn komt ús kampanjeteam byinoar om de opset en útfiering fan de kampanje foarm te jaan. Hoe meitsje jo dúdlik wat jo berikke wolle. Dan is it skriuwen fan de kolumn in moai momint om efkes út die drokte te stappen, efkes stil te stean by wêr it yn myn betinken de kommende tiid om giet.

 

Utdaagjend tiidrek

It is in spannend tiidrek dat op ús ôf komt. Utdaagjend, fol kânsen die wy allinnich mei-inoar yn echt resultaat omsette kinne. En mei-inoar jout ús ek noch in goed gefoel.

 

Noed stean foar inoar

It rjocht op soarch ferdwynt. De gemeente, of better jo en ik, wurde mei-inoar ferantwurdlik foar de earste soarch, as it minsken foar koarte as langere tiid tsjin sit yn it libben. Mei-inoar noed stean foar inoar. It doarp as netwurk om har ynwenners. It begjint fansels mei omtinken jaan oan de minsken om ús hinne en as it wat grutter wurdt kinne lytsskalige soarchkoöperaasjes helpe dy earste soarch te organisearjen.

 

Noed stean foar de kânsearmen

Saken as bystân of wurkje yn in beskerme fermidden komme ek swier ûnder druk te stean. De sosjale foarsjenningen  wurde minder tagonklik. Elkenien moat mei har talinten mei dwaan. Partisipaasje is it motto. Gemeente en bedriuwslibben moetsje inoar yn dit ferbân oer wurk foar minsken dy ‘t net sa maklik oan de slach komme. In nije ynfolling fan maatskiplik ferantwurde ûndernimmen.

 

Noed stean foar ús omjouwing

As it giet om de natuer moatte we net tinke yn tsjinstellingen. Boeren en natuerminsken moatte mei-inoar gean foar duorsume oplossings. Sa komme jo fierder. Wynenerzjy, sinne-enerzjy binne saken wêr’t doarp en bedriuw inoar fine kinne. Mei-inoar ynvestearje yn en profitearje fan duorsume opbringsten.

 

Noed stean foar ús foarsjenningen

Wij binne en bliuwe in warbere mienskip mei in soad foarsjenningen en eveneminten dy’t wy net misse wolle. As de gemeentlike beurs smeller wurdt, sille we mei-inoar nije oplossingen fine moatte. Enerzjykoöperaasjes biede kânsen. Mar ek de doarpsmûne kin soargje foar fêste ynkomsten. Duorsume bydragen oan ús leefberens.

 

Mei-inoar op wei nei 2018

It beslút oer weryndieling is fallen. We kinne mankelyk weromsjen op wat wy efter ús litte. We soene mei spyt of miskien wol wrok ôfskie nimme kinne. We kinne ek grutsk wêze. Grutsk op wat wy mei-inoar berikt hawwe yn it warbere griene hert fan Fryslân. It ferdwinen fan de namme Littenseradiel is net de ein fan dat brûzjende hert.

 

Mei-inoar

Mienskip is wichtich. We sille der mei-inoar foar knokke moatte. Koöperaasje is dêrby myn kaaiwurd. 

 

Gosse Hiemstra,
listoanfierder CDA.

Landelijk/​Provinciaal

De twaalf provinciale afdelingen vormen de schakel tussen de gemeentelijke afdelingen en het landelijke bestuur.