23 november 2013

Stoarm yn ús soarch

It gie need op 28 oktober. De stoarm raasde oer ús lân. Wynkrêft 11, 12 soarge foar it soad skea. We hawwe it sjen kinnen op de foarside fan Op ‘e Skille. By de ien fleach it hinnehok de sleat yn, bij de oar de side út it hûs. Guon pleatsen hawwe flinke klappen krigen. Ik siet op it kantoar yn Ljouwert. Myn frou hold my mei filmkes op ‘e hichte hoe it der bij ús om it hûs om wei gie. Se miste it momint dat ús wynsket de loft yn gie. De nije peallen knapten ôf as lúsjefershoutsjes. In stik fan de dakrâne gie mei. Ik hoopje dat de measten fan ús goed fersekere binne. Tsjinoer de preemje dy’t jo betelle ha, stiet in dizze sitewaasjes de útkearing foar de skea. Mei namme by in ûnderlinge fersekeringsmaatskippij sparje we mei elkoar foar de inkeling dy’t skea hat. Solidariteit neame we dat. Meielkoar noed stean foar elkoar.

Brekpunt yn de foarsjennings?

It basispakket foar de soarch wurdt om redenen fan besunigjen hieltyd fierder útklaaid. Wolle minsken goed genôch fersekere wêze, dan moatte se harren oanfoljend fersekerje. Op dat punt liket it dien mei de solidariteit. Dejinge dy’t de grutste kâns hat op ekstra kosten moat ek de heechste preemje betelje. De minder sûnen en de âlderein moatte straks de rekken betelje. In brekpunt yn ús sosjale foarsjennings. Ynienen is it foarby mei de solidariteit, it noed stean foar de swakkere yn de maatskippij. Ik meitsje my der soargen oer. Yn it sjoernaal wurd it noch goed praat, troch te sizzen “Wa’t it measte brûkt, moat ek it measte betelje”. Mar as dat measte gebrûk no komt troch in libben lang wrotten yn in te swiere baan, troch in ûngemak of in medyske flater? Ik meitsje my soargen oer wêr’t dizze omslach ta laat.

Soarch nei de gemeente

Bij de oergong fan de ferantwurdlikens foar de earste soarch nei de gemeente is der ek sprake fan sa’n omslach. Net mear rjocht op soarch, mar “wy sille sjen wat jo yn jo sitewaasje nedich hawwe”. We prate net mear as earste oer it helpen fan minsken. Nee, we prate oer netwurken. Minsken moatte sels soargje foar in groep minsken om harren hinne wêrop se werom falle kinne as it minder giet. In opjefte dy’t net elkenien foarelkoar krije sil. Gjin fraach, gjin help?

Hoe pakke wy dat oan?

Wij sille der meielkoar mei om gean moatte. Lit ús yn ús gemeente sjen litte dat by ús mienskip betsjut: omtinken en noed stean foar. Meitsje it doarp ta it netwurk om de minsken. Tink mei ús mei hoe wy dat foar elkoar krije. Miskien wurdt it tiid foar soarchkoöperaasjes yn Littenseradiel.

Gosse Hiemstra, fraksjefoarsitter CDA

Landelijk/​Provinciaal

De twaalf provinciale afdelingen vormen de schakel tussen de gemeentelijke afdelingen en het landelijke bestuur.