21 januari 2013

Werom yn de tiid

Fyftich jier lyn wennen wy op fjouwerhûs yn Allingawier. Twa pleatsen en in arbeiderswente bûtenút. Wij giene nei de legere skoalle yn Eksmoarre. Fjouwer kear deis mear as 2 kilometer rinnende wei nei skoalle. Op it skoalleplein waarden spultsjes dien. Sa ek knikkerje. Meidwaan betsjutte earst ús eigen knikkers fertsjinje. Spikers sykje op ‘e reed fan it doarp nei de pleats. As wy in pûde fol hienen ferkochten we dy oan Eusie. Foar in dûbeltsje. Eusie kaam sa no en dan lâns op syn bakfyts. Hy wie de foddeboer dêr’t jo je âld izer oan kwyt koenen. Mei dat dûbeltsje nei winkelman Lomme Bosma foar in hânfol kleiknikkers.

Wat wie op elkoar passe eartiids?

Age wie ús arbeider. Hy kaam yn de hjerst om de pleats te heakkeljen. Ein novimber hie der de put meastentiids der út. Us mem woe net dat de âld man mei Sinteklaas allinnich thús siet, dus hy wie der sinteklaasjûn ek by. It wie doe noch in jûne datst bliid wiest mei in pear nije sokken as wanten. Sa krige Age ek de nedige praktyske saken. Bygelyks makke ús mem in pop fan in ôfwaskkwaste, wat panlappen en in reade bûsdoek. Yn it arbeidershûs wenne de famylje Van der Velde. Mei Jappie en Siesie boarten wy faak. Doe’t boarfrou slim siik nei it sikehûs moast, hawwe de jonges in skoft it iten by ús opdien. Sûnt dy tiid is der in soart feroare. It ynkommen gie omheech. Mei Sinteklaas waard der hieltyd grutter útpakt. It libben waard ek drokker. De soarch foar de minsken dy’t it minder troffen hienen waard mear en mear oerlitten oan de oerheid en oare ynstellings. It koste it nedige, mar dat hienen we der mei-elkoar bêst foar oer.

Dat liket no oars te wurden

It regear en parlemint fine dat we wer mear op de minsken om ús hinne passe moatte. De WMO mei syn stipepunten wie it begjin. No’t it jild krapper wurdt, wurde noch gruttere stappen set. Foarbylden binne de help oan hûs dy’t werom brocht wurdt nei it strikt needsaaklike en it trochbringen fan de lêste libbensjierren yn it fersoargingstehûs dat allinnich noch weilein is foar de allerswaksten. Werom yn de tiid, kin je sizze. Mar dat is foar in grut part fan ús net wier. It is in nije tiid. Jo sjogge it yn it ûnderwiis wêr’t mei maatskiplike staazjes de jongerein de earste erfaringen opdogge mei it helpen fan in oar. We sille it mei-inoar wer op pakke moatte.

Tagelyk moatte wy ús soargen meitsje

Minder bewenners kin sluting betsjutte. De huzen foarmje ien fan de kearnen fan de âldereinsoarch yn de gemeente. In kearn dy’t wy net misse kinne. Yn de hjoeddeistige plannen wurdt de soarch foar de âlderen dellein by de gemeente. Dat jout kolleezje en rie de kâns mei te tinken op hokker wize it plak fan de fersoargingshuzen behâlden wurde kin. Miskien is it nije húsdokters-sikehûs ien fan de kânsen. Hjir leit in pracht útdaging foar fersoargingshuzen en gemeente. Nijsgjirrich hoe’t ús arbeider doe wenne? Gean dan nei Age’s húske yn Allingawier en Eusie fine jo yn it Jopie Huisman museum yn Warkum.

Landelijk/​Provinciaal

De twaalf provinciale afdelingen vormen de schakel tussen de gemeentelijke afdelingen en het landelijke bestuur.