
Attje Meekma
Myn namme is Attje Meekma en ik wenje yn Damwâld. Us bestean en passy is ús melkfeebedriuw, dat ik tegearre mei myn man en twa fan ús fiif soannen bebuorkje. Sûnt 2019 bin ik Steatelid foar it CDA. Ik hâld my yn de Steaten benammen dwaande mei natuer, behear (jacht) & skeabestriiding, Frysk en mynbou. Dêrneist fyn ik frijwilligerswurk moai: ik bin skriba by de PKN tsjerke fan Dokkum en sekretaris fan de kulturele kommisje Kloosterkapel yn Sibrandahûs. Yn myn frije tiid genietsje ik fan seis beppesizzers en mei ik graach mei de kamera it lân yn gean om de boerenatuer te fotografearjen.
As boerin fernim ik alle dagen hoe wichtich minsken har eigen omjouwing fine, it is faak ûnderwurp fan petear. Dat belang fiel ik ek en dêrom wol ik my ynsette foar ús moaie provinsje. Fryslân betsjut mienskip, ynset foar elkoar. It betsjut ek in moai lânskip dêr’t yn libbe en wurke wurde moat. It giet oer saken as ekonomy, duorsume enerzjy, berikberens, feiligens, wenromte, natuer en kultuer. Dêryn kinne wy allinnich mar stappen sette, at de ynwenners harren foar elkoar ynsette wolle. Sadat elk ta syn rjocht komt. Dêr past in oerheid by, dy’t minsken ferantwurdlikheid jout en stimulearret, mar ek dúdlik en betrouber is. Dêr wol ik my sterk foar meitsje yn de Steaten fan Fryslân.
Woordvoerder: Natuur, Frysk en Mijnbouw;
Mail: [email protected]