Attje Meekma

Statenlid

Attje Meekma, 56 jier, is hikke en tein yn Ferwert en wenachtich yn Sibrandahûs. Us bestean en myn passy is ús melkfeebedriuw, dat ik tegearre mei myn man en twa fan ús fiif soannen bebuorkje. Earder wie ik ûnder oare CDA riedslid yn Dantumadiel en foarsitter fan de Agraryske Natuerferiening “Noardlike Fryske Wâlden”.

As boerin fernim ik alle dagen hoe wichtich minsken har eigen omjouwing fine. Dat belang fiel ik ek en dêrom wol ik my ynsette foar ús provinsje. Fryslân betsjut mienskip, foar elkoar. It betsjut in lânskip dêr’t ek yn wurke wurde moat. It giet oer saken as de sirkulêre ekonomy, duorsume enerzjy, berikberens, feiligens, natuer en kultuer. Dêryn kinne wy allinnich mar stappen sette, at de ynwenners harren foar elkoar ynsette wolle. Sadat elk ta syn rjocht komt. Dêr past in oerheid by, dy’t minsken ferantwurdlikheid jout en stimulearret, mar ek dúdlik en betrouber is. Dêr wol ik my sterk foar meitsje yn de Steaten fan Fryslân.

Landelijk/​Provinciaal

De twaalf provinciale afdelingen vormen de schakel tussen de gemeentelijke afdelingen en het landelijke bestuur.