Maaike Prins-Meindertsma

Statenlid

Myn namme is Maaike Prins. Ik wenje yn Oentsjerk, bin troud, mem fan trije bern (en har partners) en beppe fan trije prachtige berntsjes. Sûnt 2015 bin ik steatelid foar it CDA yn Fryslân. Ik set my benammen yn foar romtlike oardering, wenjen en lânbou.

Ik fyn it wichtich om derfoar te soargjen dat wy ús provinsje goed ynrjochtsje, mei genôch wenromte foar ús bern en in sûne, safolle mooglik grûnbûne agraryske sektor. Wat dy lêste oanbelanget: der lizze in soad maatskiplike opjeften op de boer syn boardsje. Dat mei, de boer is hiel wichtich foar it ûnderhâlden fan ús omjouwing, mar hy moat perfoarst takomstperspektyf ha - in goed ynkommen foar it wurk dat hy/sy docht en de produkten dy't hy/sy leveret!

Woordvoerder: Ruimtelijke Ordening, Wonen en Landbouw;
Mail: [email protected];
Telefoonnummer: 06 - 10 51 06 67.

Landelijk/​Provinciaal

De twaalf provinciale afdelingen vormen de schakel tussen de gemeentelijke afdelingen en het landelijke bestuur.