
Rendert Algra
Rendert Algra wennet yn Jobbegea, is troud en hat fiif bern. Yn'e Fryske provinsjale polityk hâldt Rendert him foaral dwaande mei de ynfrastruktuer. Fryske diken, farwegen en de ferkearsfeiligens. Lokkich kinne we konstatearje dat yn Fryslân it ferkear aardich trochride kin. Behalve dan de Ôfslútdyk. It CDA hat al ferskate kearen oandacht frege foar de oerlêst dy't it wurk meibringt foar it ferkear. Benammen mei fytsers wurdt amper rekken hâlden.
Yn it deistich libben is Rendert partner by in lanlik outplacementburo. It buro LoopbaanNaPolitiek hat him spesjalisearre yn it stypjen fan âld politisy. Minsken tinke dat âld wethâlders, twadde keamerleden, boargemasters ensafierder maklik wer oan in nije baan komme. Yn 'e praktyk falt dat faaks tsjin. Troch LoopbaanNaPolitiek komme se wer oan it wurk.
Neist de outplacement aktiviteiten is Rendert ek noch ûnôfhinkelik foarsitter fan in koöperaasje fan útstjoerburo's. Troch alle yngewikkelde regeljouwing ha in oantal útstjoerders de krêften bondele yn in nije koöperaasje, SamenWerkt.
Yn Simmer 2000 kamen der yn Fryslân allegear fraai beskildere keunstkij, Rendert Algra wie ien fan 'e inisjatyfnimmers. Fanút it projekt 'Fryslân, lân fan kij!' is hy in bedriuw begûn. Foar dy ljip hat Rendert ynspiraasje opdien by it bûn Fryske fûgelwachten, BFVW. Rendert wie twa terminen foarsitter fan'e BFVW yn 'e perioade 2013 - 2019. Ek no is Rendert noch aktyf as frijwilliger foar greidefûgels yn Fryslân. Hy is foarsitter fan de stifting Agrarisch Natuurfonds Fryslân, ANF. Dizze stifting is fan betinken dat agrarysk natuerbehear de bêste foarm is at it giet om behâld fan greidefûgels. Om hjirfoar boerelân foar de lange termyn te behâlden keapet de ANF grûn oan. Sadat dêr ek foar de lange termyn op in natuerfreonlike manier buorke wurde kin. Sa is ANF dwaande mei it oerkeapjen fan'e pleats fan natuerboer Murk Nijdam oan'e Slachte by Wommels. Yn 2022 wurdt hjir skriezelân, Gruttoland, iepene. Minsken kinne dêr, sûnder de fûgels te stoaren, sjen en hearre wat Fryslân op greidefûgel gebied te bieden hat.
Woordvoerder: infrastructuur.
Mail: [email protected]
Telefoonnummer: 06 - 51 60 22 20.