CDA | #1 Jan Willem Sietsma

#1 Jan Willem Sietsma

Myn namme is Jan Willem Sietsma, 48 jier, troud mei Richtsje en heit fan trije prachtige bern fan 17, 14 en 6 jier.
Ik bin hikke en tein yn De Rottefalle en wy wenje sûnt 2009 mei in soad nocht en wille yn it pittoreske Eastermar.

Op dit stuit sit ik yn myn twadde termyn yn de gemeenteried. As kristendemokraat stean ik fol yn de mienskip. Ik bin as frijwilliger belutsen by ûnder oaren de tsjerke, de fuotbalferiening en de doarpskoöperaasje. Al fan jongs ôf bin ik ûndernimmer. Yn 2000, tidens myn stúdzje Technyske Bedriuwskunde, rjochte ik myn earste fan meardere bedriuwen en koöperaasjes op. Dat ûndernimmende DNA nim ik noch altyd mei yn alles wat ik doch.

Ik sjoch der tige nei út om mei in geweldich team fan kandidaten – in sterke miks fan ûnderfining en jeugdig entûsjasme – Tytsjerksteradiel CDA-grien te kleurjen op wei nei de ferkiezings!

Woonplaats:
Eastermar