ik bin Ytsje de Groot-Krikke, 53 jier, troud mei Auke en ha 3 bern. 

Wy hawwe in melkfeebedriuw yn de Súdhoek ûnder Froubuorren. Nei myn stúdzje rjochten haw ik dosinte west yn it heger beropsûnderwiis yn Ljouwert. Op it stuit haw ik in tal fan bestjoerlike funksjes, ûnder oaren by ABZ Diervoeding en by it Dockinga College.

It CDA wol wurkje oan in mienskip wêryn’t der omtinken is foar elkoar. Minsken moatte meidwaan kinne, net oan de kant stean. Dêrby net te folle rigels mar in praktyske oanpak. Ik fyn dat yn de polityk, ynhâld boppe byldfoarming gean moat. Net it maklik ‘scoren’ mar it belang fan de mienskip tsjinje. Tichtby en Aktyf wol ik my fanút it CDA graach ynsette foar ús Waadhoeke.

Landelijk/​Provinciaal

De twaalf provinciale afdelingen vormen de schakel tussen de gemeentelijke afdelingen en het landelijke bestuur.