Op woansdei 20 december waard de lêste Provinsjale Steatefergadering fan 2023 hâlden. Op de aginda stie ûnder oare in brief fan it Steatekomitee Frysk. Mei in moasje (fersyk) waard oan de Steaten frege of it komitee in inisjatyfútstel útwurkje mei, foar ambisjeuze langetermyndoelen foar it Frysk. Steatelid Attje Meekma is foarsitter fan it Steatekomitee en mocht de moasje útlizze oan de Steaten. “Wy binne derfan oertsjûge dat langetermyndoelen, in stip op ‘e kym, de Fryske taal en kultuer fierder helpe kinne. Nei in lykweardige twatalige provinsje”. De doelen soene dan bygelyks yn 2040 of 2050 realisearre wêze moatte. Hoewol in oare status en bekostiging, sille ek de streektalen, lykas it Bildtsk en it Stellingwarfs, hjiryn de nedige oandacht krije.

De moasje is unanym oernommen troch de Steaten. “Yn ‘e Steateseal binne der ferskate politike kleuren, mar yn it Steatekomitee ha wy ien kleur, dy fan it Frysk”, sa ferwurde Meekma it yn har bydrage. It Steatekomitee sil no oan ‘e slach mei in útstel foar dizze langetermyndoelen en hoopje dat yn de earste helte fan 2024 presintearje te kinnen oan Provinsjale Steaten. De CDA fraksje hâldt jo graach op ‘e hichte tsjin de tiid dat it besprutsen wurdt.

 

Op woensdag 20 december was de laatste Provinciale Statenvergadering van 2023. Op de agenda stond onder andere een brief van het Steatekomitee Frysk. Met een motie (verzoek) werd aan de Staten gevraagd of het komitee een initiatiefvoorstel mag uitwerken, voor ambitieuze langetermijndoelen voor het gebruik van het Frysk. Statenlid Attje Meekma is voorzitter van dit Steatekomitee en mocht het voorstel (motie) uitleggen in de Staten. “Wy binne der fan oertsjûge dat langetermyndoelen, in stip op de kym, de Fryske taal en kultuer fierder helpe kinne. Nei in lykweardige twatalige Provinsje”. De doelen zouden dan bijvoorbeeld gerealiseerd moeten zijn in 2040 of 2050, aldus Meekma. Hoewel een andere status en bekostiging, zullen ook de streektalen, zoals het Bildts en het Stellingwarfs, hierin de nodige aandacht krijgen.

De motie is unaniem door de Staten aangenomen. “Yn ‘e Steateseal binne der ferskillende politike kleuren, mar yn it Steatekomitee ha wy ien kleur, dy fan it Frysk”, zo verwoorde Attje Meekma het in haar bijdrage. Het Steatekomitee zal nu aan de slag gaan met een voorstel voor deze langetermijndoelen en hopen deze in de eerste helft van 2024 te kunnen presenteren aan Provinciale Staten. De fractie houdt u graag op de hoogte tegen de tijd dat het wordt besproken.

 

 

Landelijk/​Provinciaal

De twaalf provinciale afdelingen vormen de schakel tussen de gemeentelijke afdelingen en het landelijke bestuur.