Myn namme is Aebe Aalberts. Ik wenje yn Damwâld mei frou en 4 bern. De maatskiplike opjeften op dit stuit binne grut. Fryslân hat dêrom minder ik nedich en mear wij. Allinnich mei-inoar kinne wy oan oplossings wurkje. Mei myn agraryske en bedriuwskundige eftergrûn wol ik my ynsette foar ús boeren, de brede wolfeart fan ús plattelân en de krêft fan it Fryske MKB. It Fryske MKB is de koark dêr’t ús ekonomy op driuwt. It bringt wurk, ynnovaasje mar ek brea op ’e planke. Dêrop binne wy as CDA grutsk. Soarch foar de ekologyske wearden fan Fryslân en ekonomyske groei hoege inoar net te biten en moatte yn balâns wêze. In natuerynklusive ekonomy yn it algemien en natuerynklusive lânbou yn it bysûnder binne wegen nei de takomst. Dêryn erkent it CDA dat ús boeren de bêste natuerbehearders binne. Al generaasjes lang.

Contact: [email protected]

Portefeuilles
- Economie
- Financiën
- Landbouw

Landelijk/​Provinciaal

De twaalf provinciale afdelingen vormen de schakel tussen de gemeentelijke afdelingen en het landelijke bestuur.